Wetterscouting ferkeapet skip

© Omrop Fryslân
Wetterscoutingsgroep Caspar de Robles moat syn eigen skip ferkeapje. Om de kosten fan it skip betelje te kinnen waard it skip altyd in pear wiken yn it jier ferhierd. Dat mei no allinnich noch mar as der grutte ynfestearrings dien wurde, en dat kin de wetterscoutingsgroep net opbringe.
Mei lytsere skippen kin in grut part fan de aktiviteiten gewoan trochset wurde.