Opera oer Bonifatius

© Omrop Fryslân
Der komt in opera oer Bonifatius. Foar it stik wurkje Stifting Rixt, skouboarch De Harmonie en it Noord Nederlands Orkest meiïnoar gear. De opera moat yn 2004 op de planken brocht wurde, want dat is it betinkingsjier fan de moard op Bonifatius yn 754 by Dokkum.
Peter te Nuijl skriuwt de teksten en Henk Alkema kompenearret de muzyk. It projekt kostet sa'n 4 ton euro.