Nije trainer en keeper Cambuur

18 feb 2002 - 00:00

Rob MacDonald wurdt de nije trainer fan Cambuur. De 43-jierrige trainer wurket no by Ajax Cape Town yn Súd-Afrika, mar wie yn it seizoen 1979/1980 ek al aktyf foar Cambuur, as spiler.

Moandei waard ek bekend dat Cambuur foar it kommende seizoen in nije keeper hat. Rody Hoegee sil Cees Paauwe opfolgje. De keeper is 25 jier. Beide manlju hawwe in kontrakt fan twa jier tekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)