Motorrydster omkommen by ûngelok

© Omrop Fryslân
In 31-jierrige motorrydster fan Haulerwyk is snein ferstoarn nei in ûngelok by Haule. In automobilist (24) seach har oer de holle doe't er fan it hiem ôfried. In botsing wie it gefolch.
Mei in traumahelikopter is de frou nei it sikehûs yn Grins oerbrocht. Dêr is se oan har ferwûnings ferstoarn. In 20-jierrige ynsittende fan 'e auto rekke ek ferwûne.