Maklike winst SC Hearrenfean
Yn de earedivyzje fan it betelle fuotbal wûn sportklub Hearrenfean sneontejûn mei 3-0 fan Willem II. De earste twa doelpunten wiene fan Stefan Selakovic en Jeffrey Talan makke de tredde.
Hearrenfean hie it net dreech tsjin de ploech út Tilburg, al spilen de Feansters yn de earste helte sels ek net altyd like goed.