Protte sportclubs yn need
It giet net goed mei sportferienings yn Smellingerlân. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 125 clubs yn 'e gemeente.
Fan dy ferienings sitte 65 yn 'e nederklits. Se hawwe bygelyks te min jild, jeugdleden of frijwilligers. Moandei oer in wike is yn Drachten in sympoasium oer de problemen by de sportferienings.