Eije Wykstra op 'e planken
Nei in film en in ferskaat oan boeken is der no ek in toanielstik oer Eije Wykstra. Lykas bekend skeat de man yn 1929 yn Kornhorn oan 'e FryskGrinslânske grins fjouwer plysjes dea.
Toanielferiening Broeksterwâld bringt it stik op 'e planken. De foarstellings binne sa goed as útferkocht. Op 18 maart is der in ekstra opfiering yn 'e Lawei yn Drachten.