Djoere huzen minder yn tel
Yn Fryslân wurde minder djoere huzen ferkocht as oars. De Nederlânkse Feriening foar Makelders (NVM) hat dat bekendmakke.
Nei in koarte perioade fan stabilisaasje gean de prizen fan Fryske huzen wer omheech, sa ferwachtet de NVM. De nijste bousnufkes binne te sjen op de beurs Huis yn it FEC yn Ljouwert. Snein is de lêste dei.