Nij Tryaterstik yn premjêre

© Omrop Fryslân
It nije Tryaterstik 'De ynbylde sike' is freed op It Hearrenfean yn premjêre gien. It stik is basearre op 'e klucht fan 'e bekende Frânske toanielskriuwer Molière, mar dan wol ynkoarte.
Tal fan pommeranten seagen yn in folle seal nei de komyske kaprioalen fan haad-rolspiler Freark Smink. Prûken út 'e prûketiid yn kombinaasje mei moderne ferskes soargen foar in grappich effekt.