Moadeshow fan ôffal
Yn it FEC yn Ljouwert wie tongersdei in bysûndere moadeshow. De Braziliaanske keunsteneres Aguida Zanol toande dêr har klean fan ôffal. Auke 'de Sloper' Visser wie ien fan 'e dressmen.
De keunstneres eksposearret ek yn it stedskantoar. Omrop Fryslân stjoert snein op Nederlân 1 in dokumintêre oer har út (13.30 oere).