Eigner Duinen Zathe nei rjochter
De striid om attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea wurdt foar de rjochter útfochten. Eigner Jasper easket 3 miljoen euro fan de gemeente Eaststellingwerf. Dat is de skea sa't Jasper dy besifere hat.
Troch flaters fan de gemeente soe de ferhuzing fan syn park twa jier langer duorre ha. Boppedat mei it plande nije partysintrum net boud wurde.