Bou azc Sint Anne kin begjinne
De bou fan it asylsikerssintrum yn Sint Anne kin meikoarten begjinne. Deputearre Steaten ha it bestimmingsplan foar it azc goedkard. De fjouwer beswieren dy't yntsjinne wienen, fûn DS net terjochte.
De gemeente It Bilt nimt de bouoanfraach yn behanneling. De ferwachting is dat it asylsikerssintrum ein dit jier iepen giet.