Skylge ferdield oer tal huzen

13 feb 2002 - 00:00

De polityk op Skylge is ferdield oer it bouplan foar in wenwyk oan de noardkant fan Midslân. De VVD en pleatslik belang op it eilân wolle it hiele plan fan 150 huzen útfiere. CDA en PvdA wolle net fierder gean as de helte, om't it útsicht oer de polder fersteurd wurdt.

CDA en PvdA stelle no foar it bouplan yn fazen te ferdielen. Earst beslute oer 70 huzen en letter fierder sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)