Undersyk nei begraffeniswinsken

13 feb 2002 - 00:00

Ljouwert sil mear ûndersyk dwaan nei de begraffenis- of kremaasjewinsk fan ynwenners dy't sûnder kunde of famylje stjerre. Boargers hiene dêrom fersocht om't in frou kremeard wie wylst se neffens de buorlju begroeven wurde woe.

In amtner sil tenei de buert yn om ûndersyk te dwaan as in Ljouwerter stjert sûnder kunde. Ek sil in rouadvertinsje set wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)