Keunst yn oanbieding

07 mrt 2012 - 16:23

De gemeente Ljouwert docht hûnderten keunstwurken yn de oanbieding. It giet om wurk út de sechtiger, sântiger en tachtiger jierren fan de foarige ieu. It depot fan it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert is te fol wurden en de skilderijen, seefdrukken en etsen fange allinnich mar stof. Der lizze 1700 keunstwurken yn de katakomben fan it HSL. Der sit ek wurk by fan de bekende keunstner Sjoerd de Vries. De keunst is tusken 1960 en 1986 troch de gemeente oankocht fia de Byldzjende Keunst Regeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)