Noch gjin azc yn Balk

© Omrop Fryslân
De rie fan Gaasterlân/Sleat jout dochs gjin grien ljocht foar de komst fan in azc op lokaasje De Wilgen yn Balk. De PvdA joech de ferwachte stipe net oan it kolleezjefoarstel.
De partij stelde in tal betingsten oan dy lokaasje en dêr waard oan foldien. Dochs wol de PvdA dat der no earst wer sjoen wurdt nei alternativen. No wurdt pas nei de riedsferkiezings besletten.