Nij hûs folslein ôfbrând

© Omrop Fryslân
Yn in nijbouwyk yn Snits is snein in houten hûs folslein ôfbrând. It hûs soe oer in moanne oplevere wurde, mar moat no as ferlern beskôge wurde. De brân is oanstutsen. Tsjûgen seagen twa jonges fan 12 à 13 jier fuortrinnen.
De brânstichters hawwe wierskynlik mei in spuitbus en in oanstekker fjoer makke yn de badkeamer fan it hûs. De plysje hat noch gjin fertochten oppakt.