Mei har beiden oer de streep

© Omrop Fryslân
De draafwedstriid Ljouwert-MarsumLjouwert hat snein gjin winner opsmiten. Rudy Sinnema út Ljouwert en Auke Postma út Damwâld rûnen hieltyd mei har beiden op. Oan de ein praten se ôf tagelyk oer de streep te kommen. Nei goed alve kilometer wie dat yn 39:27. René van Kaam út Marrum waard tred.
Yvonne Kassenberg út Burgum wie de rapste frou. Der wienen 135 dielnimmers.