Corneille yn Hurdegaryp

© Omrop Fryslân
Yn Hurdegaryp is sneon de nije biblioteek iepene. By de gelegenheid fan de 80e jierdei fan Corneille is in grutte útstalling yn de byb ynrjochte.
Fan de COBRA-keunstner binne tal fan wurken te sjen. Bewegingen op it doek wurde altyd fûgels sa't de skilder sels seit. De fûgel is neffens him it perfekte byld fan de beweging. De eksposysje duorret oant en mei 21 maart.