'IFKS-wedstriden moatte oars'

© Omrop Fryslân
In masterplan moat de takomst fan de IFKS neier besjen. Ek twa wedstriden op ien dei moat net mear. Dit is te lêzen yn it amendemint dat it komitee fan besoarge skippers sneon foardroech.
De sechstich skippers ha har feriene om't se it net iens binne oer hoe't de wedstriden tenei organisearre wurde. Der binne eins tefolle dielnimmers om it kampioenskip yn ien wike te hâlden.