Alternatyf plan Julianaleane

© Omrop Fryslân
De bewenners fan de Julianaleane yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de gemeente. Dy wol de Julianaleane en de Heliconwei ferdûbelje ta in fjouwerbaansdyk. It ferkear op de stedsring kin dan better trochstreame.
De omwenjenden binne benaud foar de feilichheid en mooglike skea oan de huzen. Se ha in alternatyf plan ûntwikkele en biede dat oan de gemeente oan.