Sportkompleks is hast klear

© Omrop Fryslân
It nije sportkompleks yn Drachten foldocht oan de easken fan NOC*NSF. Dat hâldt yn dat der ynternasjonale wedstriden hâlden wurde meie. It heechste punt fan it gebou waard freed berikt. Foar de simmer moat it kompleks klear wêze.
Al sûnt 1994 is der praat oer de sportseal. Seis jier letter stiet it der úteinlik. Alles mei elkoar hat it fiif miljoen euro koste.