Kuiertocht grut súkses

© Omrop Fryslân
Fryslân liket sûnt de Slachtemaraton kuiergek. De ynskriuwing foar in nije tocht, de Pieter Stuyvesant Kuiertocht, rint as it spoar. De ynskriuwing is ferline wike moandei út ein set en no al ha hast trijetûzen minsken har opjûn.
De tocht, op 1 juny, is twaëntritich kilometer lang. De kuierders komme troch ferskate plakken en natuergebieten yn Weststellingwerf.