Terpstra mei Cuba net yn

© Omrop Fryslân
Doekle Terpstra, foarsitter fan it CNV, krijt gjin fisum foar Cuba. Dêrom hat minister Brinkhorst (lânbou) syn reis foar sneon ek ôfsein. De Wytmarsumer mei it lân net yn fanwege syn eardere kontakten mei dissidinte fakbûnen.
Terpstra soe mei Brinkhorst op hannelsreis nei it lân fan Fidel Castro. Hy wurdearret it beslút en ek de Twadde Keamer is it mei Brinkhorst iens.