Man út finzenis ûntsnapt

05 feb 2002 - 00:00

As wie it in film: in man ûntsnapte út de Ljouwerter finzenis, mei lekkens. De 33-jierrige finzene naam syn kânsen waar doe't elkenien sneon nei it houlik siet te sjen. Personiel fan de Blokhûspoarte ûntduts snein in gat yn de muorre.

Fan de fertochte, dy't fêst siet foar ynbraak, is net in spoar werom fûn. Twa jier lyn is in 49-jierrige Amsterdammer ûntsnapt. Dy is lykwols net fier kaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)