Kompinsaasje foar lege grûnpriis
Fryske gemeente moatte mei yngong fan 2005 kompinsaasje krije foar de lege grûnprizen. Dat sei steatssekretaris Remkes fan Folkshúsfesting moandei op in VVD-gearkomste op 'e Jouwer.
De subsydzje bestiet út in hegere ISV-útkearing (Investeringsbudget Stedelijke Vernieuwing). It jild kin bygelyks brûkt wurde foar it opknappen fan wenten.