Hotelkring wol mear gasten

05 feb 2002 - 00:00

It nije projekt fan 'e Stichting Hotelkring Friesland lûkt mear belangstelling as ferwachte. Doel is om mear gasten nei Fryslân te lûken, dit troch gearwurking mei bedriuwen.

Der wie rekkene op fyftich bedriuwen, mar op 'e presintaasje wiene moandei santich. Undernimmers kinne harren noch oant 1 maart oanmelde. It projekt hat in subsydzje fan goed 250.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)