Buert wol gjin JOP foar de doar
Omwenners fan 'e Jan Binnesleane en de Van Voortstrjitte yn Surhústerfean wolle gjin omhingplak foar jongeren (JOP) hawwe, skriuwe se oan B en W. Foar it terrein binne ek plannen foar in boartersplak foar lytse bern.
De jeugd soarget foar oerlêst yn it sintrum fan Surhústerfean. De pleatslike sportclubs wol se ek net hawwe op Sportpark De Ketting.