'Kameleon': partisipanten socht

© Omrop Fryslân
De makkers fan de film 'Kameleon', oer de twaling Hylke en Sytze Klinkhamer, sykje partisipanten dy't meibetelje wolle oan de produksje fan de film. Der wurdt in ynlis frege fan 12.500 euro. It ferwachte rendemint leit tusken de 3 en 27 persint. Rollen yn de film sille ferfolle wurde troch ûnder oaren Rense Westra, Thomas Acda, Willeke van Ammelrooy en Peter Tuinman.