Drachten wol sportsintrum

© Omrop Fryslân
Fjouwer sportclubs yn Drachten hawwe yn 'e mande mei trije bedriuwen in plan makke foar in nij sportkompleks dêr't se allegear gebrûk fan meitsje kinne. It binne de fuotbalferiening ONB, de iisclub Drachten, skeelerferiening De Kluners en de wielerferiening. Foar 800.000 euro moat sportpark De Fennen ferboud wurde. Smellingerlân soe in heal miljoen euro bydrage moatte.