Earste Fryske karbrieven klear

01 feb 2002 - 00:00

Yn 'e nacht fan tongersdei op freed, krekt nei tolven, passearden yn it Stedhâlderlik Hof de earste folslein Frysktalige karbrieven (statuten). De Douwe Kalmastifting en de Stifting Slachtemaraton woene beide graach as earste profitearje fan 'e nije wet dy't it tastiet om karbrieven yn it Frysk te passearen.

Freed oerdei folgje noch twa karbrieven fan oare Fryske organisaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)