Stedsloazjeminten gjin súkses

© Omrop Fryslân
De stedsloazjeminten yn Boalsert, Harns, Ljouwert en Dokkum wurde ferkocht. De Stichting Monuminten yn Fryslân hie by de oprjochting njoggen jier lyn grutte plannen mei de loazjeminten. Alle 11 stêden moasten sa'n attraksje krije. De stichting wol no fan de loazjeminten ôf. Wol moatte se de funksje behâlde.
De stichting moat no grutte subsydzjebedragen werombetelje oan de provinsje.