Freule bestiet 100 jier

© Omrop Fryslân
De Freule yn Wommels bestiet dit jier 100 jier. Dizze jierlikse keatspartij foar jonges fan 14, 15 en 16 jier wurdt fan 't jier holden op 7 augustus. It sil dan in wikelang feest wêze.
Alle winners út it ferline wurde útnoege. Ek ferskynt der in jubileum- boek en is der in útstalling. No freed is der in spesjale freulepostsegel te keap, útbrocht troch Ymco-regiopost.