Grêf en tinkstien foar skeletten

30 jan 2002 - 00:00

De skeletten dy't ferline jier op Flylân oantroffen binne, krije in grêf op it tsjerkhôf op it eilân. Der komt in tinkstien by de 16 skeletten. Op it plak fan de fynst, kamping Stortemelk, komt in plakette as oantinken.

Ut ûndersyk is nei foaren kommen dat de skeletten nei alle gedachten fan seelju binne. Se soenen yn de achttjinde ieu foar de kust fan Flylân ferdronken wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)