Ferset 'Bullepolder' giet troch

30 jan 2002 - 00:00

Doarpsbelang Lekkum giet troch mei it ferset tsjin de komst fan wenten yn de Bullepolder. De folgjende stap is de Raad van State. Dat kostet 7000 gûne. De doarpen moatte dat sels opbringe.

De doarpen stride al trije jier tsjin de komst fan 400 huzen yn dit natuergebiet. Doarpsbelang sil mei goeie arguminten komme moatte. Twa juristen en in heechlearaar sille har dêroer bûge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)