Omrop fan de kabel yn Swolle?

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân Radio driget fan de kabel te ferdwinen yn Swolle en omjouwing. Kabelbedriuw Essent wol de Omrop fan tongersdei ôf ferfange troch twa oare stjoerders. De feriening Frysk Selskip Swol protestearret tsjin it ferdwinen, om't der in soad minsken yn de kop fan Oerisel nei OF Radio harkje. De stjoerder is fia de eter net oeral goed te ûntfangen.