Utprosedearre asylsikers wolkom

29 jan 2002 - 00:00

De ried fan Littenseradiel wol dat de útprosedearre asylsikers yn Wommels bliuwe meie. It giet om trije famyljes dy't dêr al lang wenje en troch de nije wetjouwing faaks al fuort moatte. De skoalbern hawwe in hantekenaksje hâlden om se bliuwe te litten.

B en W hawwe in foarstel dien foar in spesjale maatregel foar de asylsikers. It einbeslút komt lykwols út Den Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)