'Prate oer terreur op skoallen'

28 jan 2002 - 00:00

Der moat in anonym meldpunt komme foar skoalbern dy't slachtoffer binne fan terreur. Dat fine twa Ljouwerter riedsleden. Sy wolle it probleem fan narjen en geweld op skoalle besprekber meitsje. Ek leararen doare soms neat te dwaan.

Neffens de riedsleden rinne bern op skoalle faak mei boksbeugels en messen om. Skoallen soene dit stilhâlde om't se bang binne foar har goede namme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)