Oanriden Grouster ferstoarn
De 19-jierrige Grouster dy't sneontenacht swierferwûne op strjitte oantroffen waard, is ferstoarn. De man wie troch in doarpsgenoat (21) mei de auto oanriden op 'e P.J. Troelstrawei.
De plysje fûn de jongeman. Efkes fierderop stie de auto tsjin in lampepeal. It slachtoffer is noch oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert, mar dat mocht net helpe.