Stêd wol mear tagonklikheid

27 jan 2002 - 00:00

Iepenbiere romten en gebouwen yn Ljouwert moatte tagonkliker wurde foar minsken mei in handikap. De gemeente hat dêr oant no ta noch gjin belied foar en sil meikoarten in plan meitsje.

Earst wurde de lokaasjes yn kaart brocht en wurdt besjoen wat de kosten binne. Yn Ljouwert binne likernôch 12.000 minsken mei in handikap, bline minsken en âlderein meirekkene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)