Stienstra is wer rapste rinner

27 jan 2002 - 00:00

Nettsjinsteande it minne waar wienen der sneon dochs 150 dielnimmers oan de heale maraton yn Tsjom. Ynze Stienstra út Wergea wie mei in tiid fan 1:19:24 de rapste. In wike earder yn Oerterp kaam er ek al as earste binnen.

Jan Boonstra út Snits, de winner fan ferline jier, waard twad mei in achterstân fan 1:13. René van Kaam út Marrum einige as tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)