Transport krityk Rykswettersteat

© Omrop Fryslân
Brânzje-organisaasje Transport en Logistiek bekritisearret Rykswettersteat, no't bliken dien hat dat de ferdûbeling fan de Wâldwei letter klear is as pland.
Op it jierkongres, sneon yn Drachten, waard de krityk utere. Der waard foaral praat oer it stûkjende ferkear yn it Noarden. De yntinsiteit yn it Noarden is de lêste trije jier mear groeid as yn de Rânestêd.