Kampanje gemeentebelangen begûn

26 jan 2002 - 00:00

Mei it biedwurd 'Stim lokaal yn it stimlokaal' binne de Fryske gemeentebelangepartijen sneon begûn mei de ferkiezingskampanje. Lykas bekend wurde 6 maart nije gemeenterieden keazen.

Om't twa moannen letter wer stimd wurde moat -foar de lanlike polityk- sil Gemeentebelangen advertearje yn kranten en televyzje om sa net ûnder te snijen by de lanlike polityk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)