Fia ynternet boeken liene

© Omrop Fryslân
Boeken liene en bestelle fia ynternet. Dat kin meikoarten yn Boarnsterhim, Kollumerlân en Wûnseradiel. It giet om in proef om te sjen oft sa it ferlies fan de bibliobus, dy't net mear troch de doarpen rydt, opfongen wurde kin.
Op de basisskoallen yn Lollum en Pingjum komme boeken foar bern oant 14 jier. Folwoeksenen kinne fia ynternet boeken bestelle by de byb yn Makkum.