Ynterfryske kursus

© Omrop Fryslân
Sa'n tweintich dielnimmers út fjouwer Fryske taalgebieten folgje dit wykein in taalkursus. It inisjatyf komt fan de Ynterfryske Ried en hat ta doel om de Friezen yn Dútslân ferstean te learen.
Oan it wykein yn it Lauwersmargebiet dogge neist Friezen út de provinsje ek Noard- en East-Friezen en lju út Sealterlân mei. Mooglik krijt de opset in ferfolch yn in reguliere kursus.