Smoarge grûn yn Ljouwerter wyk

26 jan 2002 - 00:00

Yn de Ljouwerter wyk Aldlân-East is de grûn fersmoarge. De provinsje hat tasein de fersmoarging neier te ûndersykjen. De 200 bewenners krigen sneon in brief en meikoarten folget in ynformaasjejûn.

Al yn de tachtiger jierren is konstatearre dat by de bou smoarch baggerslib brûkt is. Der binne altyd meunsters nommen. Koartlyn wie der lykwols in te hege konsintraasje benzeen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)