Ids Postma klear foar de Spullen

25 jan 2002 - 00:00

Nettsjinsteande syn ferkâldheid giet Ids Postma sneon dochs nei Salt Lake City om al fêst te trenen foar de 1000, 1500 en 500 meter. Ids Postma fynt sels dat er wol klear is foar de Olympyske Spullen.

De iisbaan leit yn Salt Lake City op 1400 meter hichte. Dêrtroch is de luchtdruk leger en ûnderfine de riders minder wjerstân. Ids Postma is al wis dat der skerpe tiden riden wurde sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)