Brân yn pleats Teridzert

© Omrop Fryslân
Der hat freedtemiddei brân west yn in pleats oan de Slingerwei yn Teridzert. De melding kaam om 14.00 oere hinne binnen by de brânwacht.
It korps fan Wolvegea is der hinne gien om it fjoer út te meitsjen. De brân wie nei in pear oeren ûnder kontrôle. It wenhûs by de pleats is folslein ôfbaarnd. Der binne gjin slachtoffers fallen.