Wâldrock oerwaget twadde poadium

© Omrop Fryslân
It metalfestival Wâldrock dat alle jierren hâlden wurdt by Burgum, oerwaget de mooglikheid fan in twadde poadium. De lêste edysje fan dit muzykfestival luts eins wat te min besikers.
Organisaasjeburo MoJo Concerts, dat ek by it festival belutsen is, tinkt dat in ekstra poadium mear besikers opsmite sil. De organisaasje fan Wâldrock moat noch oer it plan gear.