Politike ambysjes Harm Wiersma

© Omrop Fryslân
De Goutumer topdammer Harm Wiersma hat him oanmelden as lid fan 'e politike formaasje Leefber Nederlân. Wiersma wol ek graach in plak op 'e kandidatelist foar in sit yn 'e Twadde Keamer. Formeel is dy oanmeldingstermyn al sletten, mar foarsitter Jan Nagel wol Wiersma syn kandidatuer noch wol nei foaren bringe.
Harm Wiersma waard yn it ferline seis kear wrâldkampioen dammen.